Underweis

Underweis komme jo de moaiste ferhalen tsjin, wit Bonne Speerstra nei in libben as feekeapman en fertsjintwurdiger. Yn dit boek beskriuwt er de meast bysûndere ferhalen, humoristyske foarfallen en oangripende moetings.

It is no sa’n bytsje viif jier lyn dat myn debuutboek “Oer Twa Brêgen “ it libbensljocht seach. Dat it sa’n sukses wurde soe hie’k nea drome kind. Krap 2000 stiks binne der fan oer de toanbank gien.

De positive reaksjes stroomden fan alle kanten binnen. Neist de ferhalen dy’t de lêzer yn de greep krige, wie it ien en al herkenning sa men sei. Ik ha der yn optekene hoe ik as bern it opgroeien op de buorkerij efter de Ymswâlderbrêge ûnder de reek fan Boalsert belibbe ha. Yn it twadde diel koene jo lêze wat ik al sa meimakke ha as feekeapman efter de Tsjongerbrêge yn de Stellingwerven.

Wittende dat ik my yn myn debuutboek wat ynhâlden hie ha’k de ploaien fan myn ûnthâld nochris goed útskodde en bin wer efter de kompjûter krûpt. Wat der útrûgele is sille jo fersteld fan stean. Mar dan sille jo earst myn twadde boek  “Ûnderweis” wol efkes lêze moatte.

Hiel wat boerehiemen bin ik troch de jierren op- en ôf riden. Oan ferskate keukenstafels ha ik sitten te harkjen en te fertellen en op dy manier it wol en wee mei hiel wat famyljes dield. Op oare plakken rekke ik yn patear mei bysûndere persoanen, dy’t ik tafollich moete of seach ik dingen dy’t my by bleaun binne omdat der in ferhaal efter ferskûle siet dat yndruk op my makke.
Neist bysûndere ferhalen, humoristyske foarfallen en oangripende moetings binne alle 35 ferhalen fersierd mei in yllustraasje tekene troch Peter Moorman , in keunstner op dat mêd dêr ik tafollich mei yn de kunde kaam.

Diskear bin ik mei ûtjouwerij Bornmeer- Noordboek yn see gongen dy’t der in moai boek fan makke hat.

Fanôf  no  is ik boek by my te bestellen via de mail: b.speerstra@kpnplanet.nl
In moai kadootsje foar sinteklaas of de kryst. Fanôf nije wike is it te krijen bij Bormear en yn de boekwinkels. Bornmear adverteart wykliks yn de L.C en yn it FD.   

It boek telt 168 siden en kost € 17,50
As jo it tastjoerd ha wolle komme der € 3,= ferstjoerderskosten by.
It bankrek.n stjoer ik jo dan tagelyk mei it boek.

+ sinjearje ik it fansels efkes.

Alfêst is soad lêsnocht tawinske

Bonne