Oer Twa Bregen

As ik bij de boer en boerinne oan de tafel siet te fertellen seine se wolris: ‘Do kinst der wol en boek oer skriuwe!’ It stiet no swart op wyt. Oantinkens ût myn bernejierren op Ymswâlde en letter oer de Ymswâlderbrêge. Dêrnei spilet it boek him ôf yn de Stellingwerven oer in oare brêge, de Skoatterbrêge.

It hat mysels fernuvere wat der nei safolle tiid noch opslein siet op my ‘hurde skiif’.

It jachtige libben fan no stekt skril ôf by de stilte en de rêst fan 65 jier lyn. Op dat rêstige oard tusken de greiden wie dochs fan alles te belibjen. En letter ek oer de brêge yn Tsjerkwert en yn Boalstert en omkriten. Oantinkens oan de legere skoalle, de mulo, it sporten en de tsjinsttiid en myn skarreltsjes projektear ik noch samar op it netflues. It wie in moaie en spannende tiid om geandewei de wrâld en mysels te ûntdekken.

In bysûnder tafal hat myn berop bepaald. Dêrtroch spilet in grut diel fan myn libben yn dat oare diel van Fryslân him efter in oare brêge ôf.

Troch de jierren bin ik mei Hieke alhiel integrearre tusken de krûmproaters. It feekeapmansbestean hat my yn kontakt brocht mei in soad minsken. Minsken dêr’t ik en soad oan han ha en dêr’t ik bysûndere foarfallen mei belibbe ha. Wa en wat soene dy en dat wêze?

Wylst ik oan ’t skriuwen bin belibje ik myn libben suver op ‘e nij. Neist hiel wat komyske sitewaasjes sille jo it tsjinoerstelde ek tsjinkomme. It libben kin moai, mar ek wreed wêze.