Underweis

Nei it suksesfolle debuut Oer Twa Brêgen fan feekeapman en skriuwer Bonne Speerstra, is op 6 novimber syn twadde boek, mei de titel  Ûnderweis, fan de parse rôle.

Ûnderweis komme jo de moaiste ferhalen tsjin, wit Bonne Speerstra nei in libben as feekeapman en fertsjintwurdiger. Yn dit boek beskriuwt er de meast bysûndere ferhalen, humoristyske foarfallen en oangripende moetings.

Tagelyk fertelt er de famyljeskiednis fan de Speerstra’s en dêrmei ek de ûntjouwing fan it boerelibben yn Fryslân.

Yn Ûnderweis jout Speerstra mei in myld each en gefoel foar humor stal oan de ferhalen fan en oer it plattelân.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd.